logo
PKN Surhuisterveen-Boelenslaan
Home
Diensten
weekbrief & kerkblad
Kerkdienst Live
nieuws
Archief 2018-2019
Archief 2017-2018
Archief 2016-2017
Jeugdwerk
Visie
Beleidsplannen
Organisatie
Pastorale indeling
Wat te doen bij?
contact / rek.nrs
Privacy & Disclaimer
Webshop

Bern fan Bethlehem

We sitte der midden yn: de kryst. Eins is it pas kryst yn ‘e nacht fan 24 op 25 desimber mar dêr lûke wy ús mei syn allen net in soad fan oan. Yn ‘e winkels en túnsintra is it al wiken ien en al kryst wat de klok slacht en de krystkonserten begjinne al at yn de tsjerken de tarieding op kryst betocht wurdt: de advint, wat ferwachting betsjut. Der binne sels tsjerketsjinsten wêrt der yn de tsjinst hielendal gjin omteken foar advint is. En in lânlik bekende organist begjint mids november al mei kryst(!)concerten.

Op 25 desimber is der dan ek al hiel wat ôfsongen oer it bern fan Bethlehem. Troch minsken dy’t der yn leauwe mar ek troch minsken dy’t der neat fan hawwe moatte. Eltsenien kin it ferhaal sa’t dat faak lêzen wurdt út Lucas 2: oer Joazef en Maria dy’t nei Bethlehem geane, oer de berte fan de lytse Jezus yn in stal, oer de ingels dy’t Gloria in excelsis Deo sjonge en oer de wizen dy’t it berntsje hulde bringe.

Dy wizen hiene trouwens al wat muoite om it juste plak te finen wêrt it berntsje op ‘e wrâld komme soe. Se giene achter in stjer oan mar rekken it paad bjuster. En by wa kinne jo dan better de wei freegje as by de kening? Dat diene se, mar dy kening, Heroades, wist net wat er hearde: in nije kening, dat wie fansels in bedriging foar syn posysje. En hy frege de wizen om him nei ôfrin te fertellen wêrt de lytse kening wie sadat hy der ek hinne koe om hulde te bewizen.

We witte hoe’t it ôfrûn: doe’tde wizen Jezus hulde brocht hiene krigen se yn in dream te hearren dat se net by de kening lâns gean moasten mar se maosten in oar paad nimme. Dat diene se en dat hie as gefolch dat Heroades mar op de mannen siet te wachten wylst dy allang yn harren eigen lân wiene. Dat hie Heroades wol yn ‘e gaten der dêrom liet hy út foarsoarch mar alle jonkjes ûnder de twa jier yn Bethehem ombringe.

It is net in moai ferhaal wêrt ek net in soad oer preke wurdt. En dochs is it hiel aktueel want ek hjoeddedei wurde der noch berntsjes femoarde troch machtigen dy’t har bedrige fiele. Joost van den Vondel hat der in gedicht oer skreaun: O kerstnacht schoonder dan de dagen / hoe kan Herodes ’t licht verdragen? Ek ek Fedde Schurer hat it berime. Hy docht dat fanút de eagen fan in soldaat dy’t mei die oan de moardpartij. Dy besiket himsels der út te praten. Hy krige it befel, mar hy koe net oars, want befel is dochs befel? It spyt him wol dat hy deroan mei dien hat en hy sjocht ek nei hjoeddedei dat der noch altyd ûnderdrukt en moarde wurdt. Salang as dat net oer is mient hij noch de stim fan Rachel te hearen, skriemende om har bern.

Matt. 2 : 13-18

’t Is wier net noflik om der oer te praten,
mar as jo ’t witte wolle: ja, ’t wie slim.
Ek ik wie doetiids ien fan de soldaten
by de_operaasje ‘Bern fan Bethlehim’.

’k Bin mei jo iens dat it in núvere baan wie –        
lykwols, wat moat men? ’t Komt sa geandewei.
Tink dêrom net dat ik Herodiaan wie.
Ik gong yn alle dingen lang net mei.

Jo ha gelyk, as men sa’n opdracht kriget,
dat wol jin earst net oan, dan wurdt men kjel.
Mar as soldaat sjocht men sa gau gjin niget
en boppedat, befel wie doe befel.

Fansels, as jo soks efterôf wer lêze,
it wie ûnminsklik, de_ein wie der fan wei –
mar dêr koe ik net foar oanspraaklik wêze,
ik haw op ’t lêst ek dien wat men my sei.

Oft it my spyt? Wat oars, it spyt my tige,
wis, ik bin ek in minske mei in hert.
De ûnderskieding dy’t ik dêrfoar krige
leit djip yn ’t ûnderst laad fan ’t kammenet.

Dochs slyt soks út: ik fiel my hast beskamme,
mar ’t is in feit dat it my soms ûntgiet
oft it no Bethlehim of Neuengamme,
Vietnam, Hirosjima of Auschwitz hiet.

Wol wit ik dat, salang’t  yn alle lânnen        .    
soldaten klear stean ta Herodes’ wil
om op befel te moardzjen en te brânen,        
gjin bern op ierde feilich wêze sil.

Salang sil men troch Bethlehims kontrijen
dy drôve skym yn oanklacht waarjen sjen,
salang komt ek dy stim net mear ta swijen,
de stim fan Rachel, skriemende_om har bern.

En salang sil de wroeging ’t hert trochdolgje
fan wa’t it hearre en belibje moat –
want altyd sill’ tenei ús de eagen folgje
fan ’t iene bern, dat it oerlibbe hat.

gvdh

PKN Surhuisterveen-Boelenslaan  | info@pknsb.nl